Sy namen ôfskied fan it keatspublyk
Alle jierren binne der keatsers dy't ôfskied nimme fan de sport. It is tradysje dat dy keatsers, foar safier sy harren ôfskied al oankundige hawwe, op de PC de gelegenheid krije om ôfskied te nimmen fan it publyk. En oarsom... It publyk fan de keatsers. Dit jier seagen wy trije sportmannen foar it lêst keatsen op it Sjûkelân. Hoewol.. It ferline hat ús leard dat je nea nea sizze meie.
Elgar Boersma
Elgar Boersma (foto boppe), 34 jier ald en grutbrocht yn Foudgum, de Dongeradielen. Wennet no yn yn Stiens. Elgar is in positive jongen dy’t nea opjout en as gjin oar wit dat trije spullen pas út is. Earder jout er net op. Dat docht wol bliken út it feit, dat er pas ferline jier syn debút makke op de PC. De lêste jierren bleau er himsels ferbetterjen oant er op de haadklasse stie. Miskien wiene syn lêste jierren wat keatsen oanbelanget wol syn bêste jierren. Lit dat in les wêze foar alle keatsers. Jong en âld. Jou noait op. Dan komst der eintsjebeslút wol.
Aloys Freitag
It doel fan de 39-jierrige Aloys wie om jongere keatsers nei it heechste nivo te bringen. Oke.. Hendrik Jan van der Velde is net de jongste mear, mar giet wol gewoan troch. Mar foar Patrick van Dellen wie dit wol syn earste PC. Yn dat opsicht is de missy fan Aloys dus prachtich slagge. In 2009 keatste hij de PC al mei Siebe Greidanus en Robert Rinia. Doe ferlear er yn de earste omloop mei 5-1 fan trije (lettere) PC-winners Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra, Taeke Triemstra. Dat is fansels gjin skande. No hâldt er echt op, seit er. Mar. ôfskied fan it keatsen nimme kin er dochs net hielendal. Hy bliuwt keatstrainer. Dus foar it keatsen en de jeugd giet Aloys net ferlern. Wy hoopje dat it sa bliuwt.
Hylke Bruinsma
Der binne minsken wêrfan je it gefoel hawwe dat it ôfskied te betiid komt. Hy wûn de PC alris yn 2013 en miskien tinke je dan dat je alles al hân hawwe. As der ien is dy’t wit dat dat net sa is, dan is dat Hylke Bruinsma. Dit ôfskied is foar it keatsen en grif ek foar Hylke sels pynlik. Eltsenien wol ôfskied nimme op it momint dat er sels kiest mar somtiden sit dat der troch omstannichheden net yn. Wy hiene dat graach oars sjoen. Spitich, dat de PC net alles yn de hân hat. It is net oars… It goeie nijs is lykwols dat der al in opfolger klearstiet. Roan Rinze hat krekt as syn heit in fin mear as in bears, hearden wy. Wy hoopje en fertrouwe derop dat noch yn ús tiid der wer in Bruinsma hjir op it Sjukelan stiet. Dankewol Hylke! It giet dy goed.