De debutanten fan de PC 2019
Sân debutanten stean der op de 166e PC. Wy stelle se graach efkes oan jo foar.
Kevin Jordi Hiemstra ( links 'e foto)
By de welpen wie de no 20-jierrige Kevin Jordi Hiemstra út Stiens al súksesfol. Hy wûn yn 2008 al it puntenklassemint. Ek waard er twadde wurden op de Freulepartij yn Wommels yn 2013. Yn 2016 waard er twadde op de Jong Nederland mei in oare debutant: Lieuwe van der Werff. Dêrnei hat Kevin Jordi twa jier net keatst, omdat der gjin wille mear hie yn it spultsje. Hy waard sels lilk op syn mem, omdat dy him dochs opjûn hie foar in partij yn Makkum wylst er einliks net mear woe. No hat er dochs wer de want oppakt en hy strielt no ek wer wille ut. Dat hawwe wy ek sjoen by de junioarenkompetysje. Hy is fan doel om kommende winter flink wat kracht-training te dwaan om takom jier sterker as ea yn it fjild te stean. Dus eltsenien is alfêst warskôge.
Tsjerk Elsinga ( grien shirt)
De 29-jierrige achterynse Tsjerk Elsinga ut Dronryp is de âldste debutant dit jier. Tegearre mei Arnold Zijlstra is hy rekordhâlder as it giet om dielnames oan Keats Off. Leafst fiif kear stie Tsjerk dêr en fiif kear wist er him net te pleatsen foar de PC. Woansdei keatst er syn earste PC. En dat sûnder Keats Off. Ast minsken fregest wa Tsjerk Elsinga is, krijst twa saken altyd te hearren. Tsjerk is in hiel leave jonge en Tsjerk laket altyd! Keatser Arnold Zijlstra sei: Tsjerk hat altyd trochsetten en omdat hy sa posityf is, is it him no toch slagge om op de PC te stean mei syn maten Johannes van de Veen en Sip Jaap Bos. Ofrûne wykein wûn Tsjerk de hage yn Wjelsryp.
Riemer Hoekstra
De Dongeradielen leverje de lêste jierren goeie keatsers. Sjoch mar nei Gert Anne van der Bos en Auke Boomsma. En de winst fan Anjum op de Freule ferline jier. Riemer Hoekstra komt ek út de Dongeradielen, út Ie om krekt te wêzen. In doarp dat benammen bekend stie om de goeie frouljuskeatsers de lêste jierren. Dizze 20-jierrige achterynse liket samar út de loft fallen te wêzen foar it publyk. Wannear’t wy op syn namme sykje yn de keatsargiven komme we him net faak tsjin. Wy kamen in fjirde priis tsjin op it NK Jongens en seagen dat er yn de A-klasse keatst hat yn deselde kategory. Ferline jier foel Riemer ús op. Hy wûn de pilot-wedstryd foar de junioarenkompetysje yn Ljouwert en dit jier pakte er op de earste wedstryd fan it seizoen de krâns yn Holwert. Syn earste keningspriis by de senioaren wûn er yn Leons. Riemer Hoekstra wist him streekrjocht te pleatsen foar de PC.
Sjoerd Smits
Ek al sa’n keatser wêrfan it publyk faaks tinkt… Wa is dat? Sjoerd Smits is 20 jier en wennet yn Britsum, krekt as Haye Jan Nicolay. Yn de keatsargiven komme we Sjoerd Smits foaral tsjin by de utslagen yn de jongens-kategory. Doe’t Sjoerd yn Wommels hearde dat er de PC keatsen mocht, kaam der in glimk op syn gesicht dy’t der neffens ús net mear ôf west hat. Hy frege wol trije kear of it écht sa wie. En ja, it wie écht sa. Hy wûn dêr yn Wommels de earste omloop mei alles oan’e hang en hie dêrnei in steand nûmer. It wie genôch om him te pleatsen foar de PC.
Lieuwe van der Werff
Lieuwe van der Werff is ek 20 jier en komt út Koarnjum. Dizze opslager wûn ferline wike de junioarenkompetysje 2019. Dêrtroch krijt er takom jier in auto, dy’t er it hiele keatsseizoen brûke mei. Ferline jier slagge hy foar syn oplieding foar it bank- en fersekeringswêzen. Yn 2016 wûn Lieuwe van der Werff mei Kevin Jordi Hiemstra en Haye Jan Nicolay de twadde priis op de Jong Nederland.
André van Dellen ( blauw shirt)
Opslager André van Dellen fan Berltsum begûn syn keatskarjêre by de welpen, mar hâlde al gau wer op omdat er it spultsje net sa leuk fûn. Doe’t broer Patrick begûn te keatsen, is André ek mar wer begun. Yn 2012, it jier dat Frjentsjer de Freule wûn, wie de fjirde priis foar André van Dellen en syn maten. Yn 2013 hie er neffens himsels de Freule winne moatten, mar hy gong der mei syn maten al yn de tredde omloop ôf. Dit jier stie de 23-jerrige André op de earste klasse en de haadklasse. Dizze takomstich skoalmaster wûn ferline jier de Jong Feintepartij en stie ferline jier en it jier dêrfoar op de Keats Off mar rêde it net op. Dit jier pleatste hy him streekrjocht foar de PC mei syn maten Bauke Dijkstra en Jouke Bosje.
Yannick Hielkema ( griis shirt)
De 19-jierrige achterynse Yannick Hielkema út Bitgum hat dit jier in enoarme sprong makke. Ferline jier stie er as noch frij ûnbekende keatser op de earste en twadde klas. Oant dit jier. Doe wiene de eagen yn de finale yn Weidum ynienen rjochte op Paul Dijkstra, Yannick Hielkema en Tjisse Steenstra. Hy wûn dêr de twadde priis. Yannick keatste yn 2015 ek al mei Tjisse. Hy wûn doe de tredde priis yn Holwert op de Jong Nederland en hy die dat yn 2018 nochris, mar doe mei Gerard de Vries en Paul Dijkstra. Kinst Yannick herkenne oan de Fryske dúmkes, dy’t er altyd mei hat nei it fjild. En hy is nea te beroerd om dy te dielen.