Nieuws

Wachtsje op ‘e PC (part v) ( PC-dag 2020)

Wachtsje op ‘e PC (part v)

 

It Sjûkelân, hoe leaflik op ‘e iere moarn

As in sliepende prinsesse wachtsjend op dy tút

Fan prinzen dy’t hjoed ferskine sille

Foar hearsende Keningen yn stee

Dy’t Wachtsje moatte op ‘e PC

 

De acht slagen, se klinke hjoed om ‘e nocht

Dy klanken oars sa fan ferwachting swier

Foarmje no de toan fan kwetsberens

En fan weemoed fan’t keatspublyk dat gedwee

Wachtet op ‘e PC

 

It sil de dei fan betinking wêze

Sa as de helden fan twa feans ieu lyn

De winners fan ‘trije keningen dei’

Sy stean hjoed op ‘e heechste tree

En Wachtsje op ‘e PC

 

De dei sil lykwols bjusterbaarlik hjitte

Net ien nimt dat PC-gefoel ús ôf

Ek dizze dei sil uzes wêze

Wy bliuwe rêstich en hâlde ús ree

At wy Wachtsje op ‘e PC

 

 

 

 

 

 

 

Log in